Monthly Archives desimber 2011

Richard Strauss: Salome

[youtube]http://www.youtube.com/watch?feature=player_detailpage&v=ppx8ldiR2vM[/youtube]

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=ppx8ldiR2vM[/youtube]

Klinysk Idioom

Noch mar krekt in bytsje bekommen fan it ferstjerren fan ien fan de grutste opera-komponisten fan hjoed de dei, kaam de folgjende skok: de katalogus fan Tresoar wurket net. Se binne de boel oan it fernijen, sa docht bliken. Ik soe fannemiddei wat nije boeken liene, mar kin net ynlogge. Yn elts gefal, dochs mar […]

Galina Vishnevskaya~Oprichnik~Tchaikovsky

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=vMPIaRHF_8E[/youtube]

Lekkel Kultuleel

Ja, mar wer ris oer de Kulturele Haadstêd 2018. Wigle Sinnema, dêr’t ik juster mei prate, is ek in grut foarstanner fan dit projekt. In oprjocht man, liket my ta. Iksels haw oant no ta grutte beswieren hân, it is hielendal ferkeard opsetten, mei in kertiermakker, Henk Keizer, dy’t hielendal neat mei Fryslân hat, en […]

Surrealistyske sosaaiety

Ik wie niiskrekt efkes by dit barren. Net ferkeard, al wie der al wat te min wyn ynkocht. Dêr stie tsjinoer dat der oaljekoeken serveard waarden, ik haw der twa hân. En trije glêzen reade wyn. Ik hie my oant no noch net sa’n soad yn it Snitser sosaaiety- en keunstlibben fan Snits fertoand, mar […]

oprop: grutte gedichtejûn fan literêr tydskrift ensafh

Grutte gedichtejûn fan literêr tydskrift Ensafh Yn it ramt fan de Nationale Gedichtendag organisearret it Frysk literêr tydskrift Ensafh op 26-01-2012 yn de stêd Snits in grutte gedichtejûn, dêr’t elkenien oan meidwaan kin! Der binne trije mooglikheden: – Dichters kinne twa of trije gedichten foarlêze . – Poëzyleafhawwers kinne har favorite gedicht foarlêze. – Gewoan komme te […]

Duo von Däniken grutte hit op YouTube!

No ja, foar Fryske begrippen dan. De Lettergek-útstjoering slacht behoarlik oan. Dy hiene jo noch net sjoen? Hjirûnder stiet er noch in kear. Makke yn opdracht fan it iennichste literêre tydskrift yn Fryslân: ensafh. En no sil ik wer fierder mei skriuwen fan proaza, en fannacht fierder mei in krystgedicht. Ik bin der net wis […]

Pûde mei Chrome

Ik bin wer foar de safolste kear oerstapt. Nee, net fan de SP nei de PVV, of fan anty KH2018 nei pro KH2018… Fan de blêderer Opera nei Chrome. Se hawwe beide har foar- en neidielen. It grutste foardiel fan Opera is fansels dat alles ek yn it Frysk ynsteld wurde kin, en sa’t jo witte: yn […]

Sangerech dialekt

Op donderdachavend 1 desember jl. kwam ik beide mannen teugen. Knilles weareldberoemd dichter & Sneekolooch en Marcel Plaatsman. Knilles kan ik al jaren en jaren, Marcel was ik nòch noait earder teugenkommen. Marcel praat Tessels, un prachtech sangerech dialekt. Hij fon ut moai dat ik in ut Snekers met um fan gedachten wisselde. Marcel is […]