Monthly Archives juny 2012

THE CHAPMAN FAMILY: ANXIETY

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=kKzW7phwtRE[/youtube]

Moai Himd!

No minsken, de wûnderen binne dochs de wrâld net út, want sjoch my no ris mei myn moaie Skriuwersboun-himd! En neist my stiet fansels Henk van der Veer. Tegearre binne wy sûnder mis de twa grutste dichters fan it Kultureel Kwartier Sneek en neiste omkriten. Of net? Jo kinne jo melde!

Dr. Knilles by de Slachte

Moarn mear! Foto Dinie Postma

De Moanne fan de Geraniums

Ja, dêr wie ik wer. Juster it filologekongres meimakke. Op in inkelde útsûndering nei wie it tige nijsgjirrich. Net elkenien koe wekker bliuwe by de lêzingen, mar wy neame mar gjin nammen. Dat wol sizze: der wie oan de ein fan ‘e middei in resepsje foar en ôfskied fan Piter Boersma. En as der ien […]

Filologe-opera

Nee, ik sil it net oer… hawwe. Alteast, in tapassend operafragmint hjirûnder. De ûndergong fan de *kuch* oranje goaden. Nee, ik sil moarn nei it Filologe-kongres yn de Fryske Akademy. Deselde Akademy dêr’t frou Lutz Jacobi lêstlyn in solodemonstraasje hâlde. Mwa, filolooch bin ik net, al literator, en dêr, op de Literatuer, leit de neidruk […]

It Skaad

In nij, fleurich lietsje fan Knilles. Fannemiddei betocht en makke. [soundcloud url=”http://api.soundcloud.com/tracks/49484776″ iframe=”true” /]

Side Boeken fan Fryslân út ‘e loft

Hat de nije direkteur Eabele Adema de side út ‘e loft helle? Is de boel fallyt? Fragen! It liket my yn elts gefal in bewiis fan grut ûnfermogen, to say the least. yn geef Frysk.

Foar it argyf fan Tresoar

It Poëzijherntsje fen dr. Knilles.

It Fryske Liet

Yn de werhelling, it is noch fierstente min beharke! [soundcloud url=”http://api.soundcloud.com/tracks/47555360″ iframe=”true” /]

Katholyk balskoppen + updeet

Nee, juster gjin bydrage fan Knilles op de digitale ensafh, mar hjoed kaam de papieren ensafh yn de bus, mei dêryn in (relatyf) lang ferhaal fan myn hân: De ikoanen fan Ignatius. Spesjaal foar de katholike lêzerkes, mar oaren meie it ek lêze. De Moanne oars noch altyd net krigen. No sa, fansels sjoch ik […]