Moanne: jannewaris 2014
-
Typyske Brother
It is noch net sa slim as de samling typmasines dy’t W.F. Hermans oanlein hie, mar ik haw yntusken al in moai setsje skriuw-apparaten oantúchd. Fannemiddei wer in nij âld ding ophelle út Haskerhoarne, foar 10,- €. Dat is gjin priis. Hy docht it treflik, hat in helder display. It is de Brother LW 710i. Hokker…
-
PIXIES – BLUE EYED HEXE
-
Weromfytsende parody
Fannemidei koft by de weromfytswinkel. Kringloop dus. Foar 0,25 €. In klassiker fan Douwe Tamminga, ûnder de skûlnamme Tamme Tysker. Dit bringt my ta de wichtige fraach: wêr is de parody bleaun yn de Fryske, mar my tinkt ek ynternasjonale dichtkeunst? Faaks kinne tûke lêzerkes my op resinte foarbylden wize? Ja, yn Fryslân binne der…
-
Amateuristysk bakje
No, dat like my ek wol, digitale boeken liene by de bibletheek. Spitigernôch is de technyk noch net ta Fryslân trochdrongen. It wol yn elts gefal net mei myn paske en lidnûmer fan de Ljouwerter byb. Amateuristysk gedoch. No, lit dan mar. Soks moat daliks wurkje, oars krij ik daliks myn nocht. It is freegjen…
-
Against Me! – “I Was A Teenage Anarchist”
-
Claudio Abbado: Mahler Symphony No 3
-
Bloch fuorthelle
No seach ik ôfrûne nacht in hiel eigenaardich, nee, better sein, skandalich blochke delkommen yn myn feeds. Mar it oanbelangjende bloch wie, sa die bliken, yntusken alwer fuorthelle. Dat kin mar op ien blogger slaan, syn namme komt hjir geregeld del. Ik haw de ynhâld kopiearre en op myn eigen bloch setten. Mar fannemoarn om…
-
Steven/Stefany Sterk
Dêr hawwe jo it wer: de Fryske skriuwer moat in sakeman/frou wurde. Him/har ôffreegje oft der wol in merk is foar syn/har boeken. Allegear lytse Steven/Stefany Sterkjes wurde alsa. Dat hat Piter Boersma sein, ôfrûne wike by it Skriuwersboun. No sil ik dêr myn libbensdagen net mear ferskine, by dat steltsje weakdieren, dy Bûnsminsken bedoel…
-
Still sick
-
Worst musical
Ik haw der de hiele nacht beroerd fan west: nea wer in Hemawoarst! Bin no wer aardich opknapt hear.