Cornelis van der Wal

Moanne: novimber 2015

  • Reboelje yn bestjoer Skriuwersboun!

    Heden, heden, it moat net mâlder! Ik parafrasearje hjirûnder in tekst dy’t my ûnder eagen kaam: Friduwih R. dielt mei: Op 16-1o-15 hawwe sawol de foarsitter, in trijetal bestjoersleden, de siktaris  en de oersetterswurkgroep, yn in gearkomste  fan it bestjoer har wantrouwen yn myn hanneljen as ponghâlder utere. It bestjoer bestiet út: Tryntsje van der Veer –…

  • Poëzijbesprekken LC Eppie Dam bywurke

    Mei bondels fan Abe de Vries, Jacobus Q. Smink en Sytse Jansma. Hjir klikke foar it oersjoch.

  • Engelbert Humperdinck: Hänsel Und Gretel

  • Finsters op Fryslân: Geveltsjefrysk fan de boppeste Planke

    Hoera, wer in nije Fryske side derby! O, wachtsje efkes…, nee allinnich de namme is Frysk: ‘Finsters op Fryslân.’ Dat komt, leave berntsjes, om’t it in projekt is dat mei KH 18 te krijen hat, en jim witte dat dy stoute minsken net safolle mei it Frysk te krijen hawwe wolle. No, kom dêr dan…

  • Dichter fan swarma

    No, myn blochke fan 29-08-2015 hat de PVDA Fryslân blykber op in idee brocht. Dat, as tank soe ik eins daliks as earste Dichter fan Fryslan beneamd wurde moatte. Lykwols, it is mar in skiterich bedrach dat dêr mei anneks is, 2500 euro. Earst ris sjen wat de betingsten binne, en dan sil ik beslute…

  • Trije Suchten + Updeet: ensafh oernommen troch Fryske Akademy!

    No woe ik fansels ek graach mei dit blochke op dy moaie *kuch* foarside fan de Fryske Beweging stean, dat ik skreau de Bewegers in mailtsje. Dêr komt hielendal gjin reaksje op, lit stean dat se myn blochke dêr selsette. Sucht. Al like prachtich *kuch*! is de side fen it Skriuwersboun. Mar dy wurdt neffens…

  • Yn de werhelling: Ivoaren toer yn it meanfjild

    In kollum fan Knilles op ensafh.nl út 2011.   It is in diskusje dy’t allegeduerigen weromkomt: moat in aspirant dichter earst de skiednis en de technyk fan de dichtkeunst bestudearje, foar’t er sels de guozzefear of laptop brûkt foar syn poëtyske uteringen? Yn de skilderkeunst, de musikology en de arsjitektuer is sa’n stúdzje fanselssprekkend en…

  • Nij ferske: In Stoel

    Lofi, no.

  • Fers2: literêre ynteelt sûnder wjergea

    Achte lêzer, sa’t jo hjirboppe lêze kinne, bestiet de redaksje fan fers2 út Abe de Vries en Friduwih Riemersma. No is it hjir by Knilles gjin Story as Privé, mar it is algemien bekend dat harren relaasje fierder giet as inkeld in saaklik/literêre gearwurking. It is in spantsje, en dat is fansels hiel moai foar Abe en…