Cornelis van der Wal

Moanne: jannewaris 2016

  • Arthur Rimbaud – Une biographie (1991)

    In tige nijsgjirrige film oer it libben fan Arthur Rimbaud. http://www.ubu.com/film/rimbaud_bio.html

  • Grut Nijs: Gjin Nijs!

    De swier subsidiearre side Sirkwy.nl makket der, pardon my french,  in soadsje fan. De Aginda, sorry Agenda wurdt al in pear wiken net mear byhâlden. En by Skanomodu fine se it net nedich te reagearjen op in hiele fatsoenlike fraach… Ik hoopje dat der in soad snie falle sil. Jûn pasta.

  • Tchaikovsky · Symphony No 5

  • It Mienisme bestiet net!

    It wie te ferwachtsjen: de ‘Mienisten’ fan Skanomodu sitte mei de mûle fol tosken, en witte net hoe’t se reagearje moatte op myn opmerking oer harren ‘nije beweging’. De konklúzje moat wêze: it Mienisme bestiet hielendal net. Der is gjin sprake fan in beweging. Reitsma hat it allegear optocht, mar kriget alhiel gjin meistanners. Jûn…

  • reaksje op Skanomodu

    Dit skreau ik as reaksje op in stik fan Meindert Reitsma op Skanomodu. Benijd nei it antwurd! Fan de redaksje: de takomst fan Skanomodu 2 reaksjes op “Reaksje op krityk” Pingback: Reaksje Meindert Reitsma op Skanomodu-stik Pier Boorsma | ensafh Cornelis van der Wal 8 jannewaris 2016 om 19:35 Reitsma hat it oer ‘in nije…

  • Flau Mienisme

    Nee minsken, noch hieltyd gjin agindapunten -pardon-  ‘agendapunten’ by Sirkwy.nl. Faaks kinne se dêr troch de glêdens net by de kompûter komme. En dêr betelje wy belesting foar! Skamje jim in bytsje boel! Wa’t him ek skamje moat, dat is de redaksje fan Skanomodu. Hja neame û.o. myn reaksjes op it Mienisme ‘flauwe stikjes‘. Wat…

  • Side Sirkwy wurdt net byhâlden

    En, jawis: krektlyk as de FNP giet Sirkwy ek stadichoan oer yn it Holânsk… ‘Geen agendapunten’. My tinkt dat der wiswier wol agindapunten binne. De side wurdt net byhâlden, dêr komt it op del. Sleauwe bedoening dêre! Jûn pankoeken  

  • 29-01-2016: Poëzijmarathon ensafh yn Snits

    Bêste dichter/belangstellende! Yn it ramt fan de Nationale Poëzieweek organisearret it Frysk literêr tydskrift Ensafh op 29-01-2016 yn de stêd Snits in grutte gedichtejûn, dêr’t elkenien oan meidwaan kin! Der binne trije mooglikheden: – Dichters kinne twa of trije gedichten foarlêze . – Poëzyleafhawwers kinne har favorite gedicht foarlêze. – Gewoan komme te harkjen. Dichters en foarlêzers wurde…