Moanne: juny 2017
-
Sinjalearre: ‘Obe Postma hie in fyts’ út Wolf yn harnas
Arjan Hut yn de Moanne nû 3, 2017 Efkes op it plaatsje klikke
-
Te Gast: Josse de Haan n.o.f. in petear mei Teake Oppewal
Hjoed stel ik myn weblog beskikber foar in bydrage fan Josse de Haan, dy’t reagearret op dit (net al te krityske *kuch*) petear yn it Deiblêd mei Teake Oppewal. It binne tapaslike fragminten út De Haan syn boek ‘Fyts mei wynflessen’. (De teksten efkes oanklikke)
-
Duo von Däniken presintearret: Wat barde der mei boer Bareld?
Trailer fan de nijste film fan de ferneamde Fryske regisseur Stephen de Jong. Om kjel fan te wurden! Horror fan de boppeste planke!
-
Lân fan Taal: Fryske dichters?
Ofrûne tongersdei (01-06-2017) wie der yn it Ljouwerter Neushoorn in dichtersjûn, dy’t ûnder oaren troch ‘Lân fan Taal’ organisearre wie. Ik sitearje Jacob Haagsma yn de LC de oare deis: ‘Daar was geen woord Frans bij. Ook geen Fries trouwens; de hele avond was exclusief eentalig Nederlands. Dat lijkt nogal te botsen met de inzet…
-
Simke Kloosterman, De Nije Brieven. In Feuilleton (9)
Forbaarn dizze brieven! Der ûntsnapte in wolk fan moffich stjonkend stof út de koffer, Madelon draaide har om en prúste ferheftich yn in hoeke fan de keamer. Frou Radsma foel der sawat hinne, ik koe har noch krekt opheine en late har ta de grutte swarte briedstoel dy’t foar de telefyzje stie. Lês fierder by…