Cornelis van der Wal

Moanne: maart 2019

  • Wêrom it ‘Boekenweekgeschenk’ oersette yn it Frysk?

    It liket in tradysje te wurden, it oersetten fan it Hollânske Boekewikegeskink yn it Frysk. Wa kin my útlizze wat hjir it doel fan is? Jetske Bilker fertsjinnet der tink in aardich bûssintsje mei, dat is fansels moai foar har. In oar foardiel kin ik net betinke. Ik fyn it beskamsum, earlik sein. It is…

  • Haatsiedzjen op RIXT

    Hjoed 25-03-19 is der in fers fan Syds Wiersma op RIXT pleatst. Ik moat, as lid fan dit dichterskollektyf, my distânsjearje fan de ynhâld, Ik fyn it nivo itselde as it geraas fan in Freek de Jonge op it Boekebal. RIXT is gjin polityk platfoarm, en soksoarte haatsiedzjen heart net op ús side thús. En…

  • Petear Ljouwerter Krante nei oanlieding Deenske dichtersreis

    Stik yn de Ljouwerter Krante fan Sietse de Vries: https://www.e-pages.dk/lc/3298/article/874671/56/2/render/?token=cd39981f3270548ee2357ab83f2fcd4a    

  • ‘Tiim Literatuer’ by Tresoar mei û.o. Meindert Reitsma

    Der is as it my net mist noch neat nei bûten ta brocht, mar in lyts ûndersyk fan myn kant hat útwiisd dat der wurke wurdt oan in Tiim Literatuer by Tresoar. It Tiim wurdt laat troch Jelle Krol, en Meindert Reitsma skynt de nije Literatuerbefoarderer te wurden: Teake 2.0 alsa. Fierders makket Hilda Top…

  • Fan Facebook: Ien fan de riedseltsjes fan de Fryske literatuer

    Reade Runen op Facebook: Fotoferslachje fan ús twadde optreden, justerjûn yn Godsbanen’s literatuersintrum yn Aarhus. Moaie, sfearfolle setting. Elk fan ús droech in rige gedichten foar, dy’t Carsten René Nielsen de ôfrûne moannen yn it Deensk oerset hie. Klonken as in klok, dy oersettings. Yn it publyk njonken Deenske poëzyleafhawwers inkele Friezen om utens dy’t…