Reade Runen op Facebook:
Fotoferslachje fan ús twadde optreden, justerjûn yn Godsbanen’s literatuersintrum yn Aarhus. Moaie, sfearfolle setting. Elk fan ús droech in rige gedichten foar, dy’t Carsten René Nielsen de ôfrûne moannen yn it Deensk oerset hie. Klonken as in klok, dy oersettings. Yn it publyk njonken Deenske poëzyleafhawwers inkele Friezen om utens dy’t al hiel lang op Jutlân wennen, noch noait by in literêr optreden west hiene en graach hearre woene hoe’t Frysk út de mûlen fan dichters klinkt. Ien fan harren, in fuotbaltrainster fan in famkesploech, holp Carsten noch oan it goede Deenske wurdt foar ‘baltsje heechâlde’, in term dy’t Syds brûkt yn in gedicht dat er foardroech. Nei it skoft hie Carsten in fraachpetear mei ús oer it Frysk, de Fryske literatuer en de poëzy. Op syn lêste fraach moasten wy it antwurd skuldich bliuwe. It is ien fan de riedseltsjes fan de Fryske literatuer: Why the fuck is Cornelis van der Wal not in Swallows and Floating Horses, de foarich jier ferskynde Ingelsktalige blomlêzing fan de Fryske literatuer? Carsten hat him ferwûndere oer de orizjinaliteit en hege kwaliteit fan Cor syn poëzy. Hy sil Cor syn wurk no oanbiede oan Deenske literêre tydskriften.
Post a Comment