Bamy of bommen

No minsken, foar wa’t der oer ynsiet: it giet hiel goed mei de nije bondel. Dat fyn ik sels alteast, mar ik bin net al te objektyf.

In dichtbondel is mear as in pear fersen efterinoar sette en dan klear. Der moat ek struktuer ynsitte. En dy komt der no yn. Lykwols wurdt soks, lykas earder sein, frijwol nea achtslein troch kritisy en/of kommisjeleden. Oerflakkigens is wat de pot skaft. Mei in rankuneus sauske. Lekker.

It bliuwt behelpen yn de Fryske Literatuer, want, mei permisje: de measte saneamde ‘kenners’ binne eins oars net as… Nee, ik skriuw it hjir net del. Selssensuer.

Mar jo hawwe grif fantasij genôch om te rieden wat der stean moat. Gean foaral jo gong.

En wat wurdt der yn it Fryske wrâldsje dochs heech opsjoen tsjin minsken mei in akademyske titel! Wat dat oanbelanget binne it krekt Dútsers. Wylst soks hielendal neat seit oer ien syn literêre kennis en ynsjoch. Ja, der binne ek goede akademisy , dat jo hoege jo net oansprutsen te fielen.

Mar jo al, ja, jo dêre.

Wy sjogge wol! De straf  foar dizze dissidente wurden sil grif  op Knilles deldale. Ik slaan lykwols werom, wês dêr wis fan. Mei wurden, gjin fûsten of bommen.

Ik waarmje in stealtsje bamy op en bak dêrby in grutte lûmpia.

Trackbacks & Pingbacks 1

  1. From www.ensafh.nl on 12 Aug 2010 at 18:10

    […] Lês fierder by Cornelis van der Wal […]

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *