Geheimsinnich Paspoart

No, leave berntsjes, ik haw my opjûn foar it Boekefeest yn Tresoar en ek in goedkeap sliepplak regele, want oars moast ik om 23:00 oere al wer fuort, en dan begjint de drank by de measten earst te wurkjen en komme de Geheimen en de Rabberij.

Ja, ik wie kritysk yn’t foar, mar earst sels mar ris sjen foardat it definitive oardiel komt.

Oft der yndied fergees bier is… ik betwifelje it, mar faaks wurdt der foar Knilles in útsûndering makke.

Der steane moaie grutte posters op de side fan De Moanne fan it Fryske Boek fan Anne Feddema, Elmar Kuiper en Grytsje Schaaf. Al wat nuver dat se de meast kreaze Fryske Skriuwer alwer oerslein hawwe…

Marrr… ik krige, fan alwer in Geheimsinnich Persoan – se moatte my wol hawwe de lêste tiid – It Sneeker Paspoart yn ‘e bus! Ho! ferkearde link, dizze is better

Dan falt der net folle mear te winskjen yn in minskelibben. En de kermis is ek wer fuort, dat de Dichter hat no gjin ferlechjes mear.

Jûn eat mei rjappels. Om op te iten dus.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

2 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
josse de haan
josse de haan
11 years ago

Sunt wannear is MERKE kermis wurden (kerkmis, kermesse, etc.)? Hast no al tefolle fergees bier han fan dyn geheime skinker/goeddwaner/filantroop, c.q skatkisteoppasser op it Tresoar???????????????