Sitaat yn de LC fan 09-03-20: ‘Volgens Ernst Bruinsma van Boeken fan Fryslân zijn er momenteel te weinig aansprekende Friese prozaschrijvers om ieder jaar een boekenweekgeschenk te maken.’ Dit is fansels in mislediging fan komsa foar de hjoeddeiske Fryske proazaskriuwers. Jo freegje jo ôf wat sa’n Bruinsma eins by Boeken fan Fryslân te sykjen hat. En de man is per 1 jannewaris 2020 ek noch beneamd (sûnder sollisitaasjeproseduere) as saaklik lieder fan City of Literature Ljouwert. Mar hy fynt dy Fryske Literature dus eins net folle wurdich.
Mei sa’n Fries hawwe jo gjin anty-Friezen mear nedich.
Post a Comment