Cornelis van der Wal

Literêre ynsest diel safolle: Friduwih lyrysk oer Abe syn Blomlêzing

En it giet mar troch minsken! De libbenspartner fan Abe de Vries, Friduwih Riemersma, is tige lyrysk oer de nij út te kommen blomlêzing fan Abe mei de argayske titel Ik haw myn kobist fêstbûn oan in appelbeam / Ik bond mijn koe vast aan een appelboom. 

Wat skriuwt *kuch* de útjouwer?

“In prachtige bondel: in ritmysk lûd fan wjerstânsfermogen en hoekhâlden”, sa seit Friduwih Riemersma fan dizze blomlêzing. Riemersma fersoarge ek in koarte ynlieding dêr’t se de poëtyske betsjutting fan Abe de Vries yn besiket te tsjutten. De Vries is ien fan de belangrykste Fryske dichters yn de 21e iuw oant no ta, sa net de belangrykste. Abe de Vries is ek in betûft fotograaf. By elk fan de tsien parten yn de blomlêzing stiet in foto dy’t hy sels makke hat.

Dus de partner en de útjouwer fan Abe de Vries roppe him út ta de ‘belangrykste Fryske dichter’ fan de 21e iuw. De skamte foarby!

 


Posted

yn

troch

Reakce

Ien reaksje op “Literêre ynsest diel safolle: Friduwih lyrysk oer Abe syn Blomlêzing”

  1. Grutte Pier Avatar

    Bij het fokken van gedomesticeerde poëten wordt inteelt toegepast.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.