Cornelis van der Wal

Gottfried Balk

No minsken, ik haw hjoed wer in ardich eintsje fytst, en kaam û.o. troch it rustike Balk hinne peddeljen. Dêrfoar yn Sleat in bakje kofje dronken, moai stedsje oars, it heucht my net dat ik dêr earder west haw.

Wat my hieltyd wer opfalt is it brek oan fytspaden yn ús Provinsje, en ek de buordsjes om jo it goede paad te wizen ûntbrekke nochal ris. Is yn Grinslân en Drinte in stik better regele, haw ik de yndruk.

Mar ik lit jim no wer allinnich en doch de leptop aanst wer út. Der moat wurke wurde! Earst my wat ynlêze. Meitsje in stúdzje fan Gottfried Benn syn libben en wurk. Kom earst noch net ta oan Fedde S. en Anne W.

Haw rys mei hin en eartsjes iten.

[youtube]http://www.youtube.com/watch?v=DoQdIv6eVVQ[/youtube]


Posted

yn

troch

Reakce

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.