No, dat is moai, dat Knilles sa’n ynfloed op de media hat. Dat is net allinnich moai, mar ek terjochte. Wêr haw ik it yn ‘e goedichheid oer?
No, en de tsjetterders dy’t my folgje, op Twitter dus, dy wisten it al: it nuvere berjocht dat juster op de side fan Omrop Fryslân stie, mei de sin: ‘It is foar it earst dat der in gedichtewedstryd hâlden wurdt op de ynternasjonale berjochteside Twitter.’ It giet fansels om de #twicht wedstryd fan Tresoar, wat in hiel aardich idee is, mar perfoarst net orizjineel. Nei in mailtsje fan dizze kant hawwe se it gau oanpast by de Omrop. Nee, gjin betankje fansels. Fatsoen, dêr hawwe se noch nea fan heard by OF.
En fierders lies ik fannemiddei yn de bylage fan de LC (leit fergees by de byb) in Dwers fan Pieter de Groot, trou besiker fan dit blochke, dy’t ynspirearre liket op myn poll fan in pear dagen lyn. Dy stikjes fan De Groot mei ik graach lêze, mar fersin ik my no as ik konstatearje dat er ynienen folle minder romte taskikt krigen hat? Noch minder Frysk yn de krante dus?
Waarmje ôfpriisde Moussaka fan de AH op. It rûkt goed.
Updeet: de kollum fan De Groot is hjir nei te lêzen
[…] Lês fierder by Cornelis van der Wal […]
Goeie Aant, no, ik haw de ûnderfining dat ik frijwol nea in antwurd krij, as ik de Omrop mail… Mar, yndied, lêst krige ik wol in reaksje fan Falkena, dat is wier. Mar bygelyks Buro de Vries, dy swije as it grêf. En dan bin ik ek wier net ûnfatsoenlik y myn mailtsjes… Mar al kritysk, dêr meie se net graach oer tink.
De moussaka smakke treflik, ik yt der moarn wer fan!
fr gr c
Beste Knilles, Myn erfaring mei de omrop is oars en … better. Hie hjoed ek in opmerking oer in flater op harren side en sjoch dêr ik krige in freonlike reaksje. Sjoch ûnderoan. Fierders haw ik Piter de Groot ek heech sitten mei syn stikjes en fyn ik it spitich dat er ôfboud. Ta beslút: Nettsjinsteande it feit dat it bij AH weikomt, ik hâld net fan Moussaka en seker net at dy ôfpriisd de groetnis AH (de echte) Goeiemiddei Aant, Betanke foar dyn reaksje. We sille hjirnei sjen. De kompetysje is noch net los, dat we hawwe no noch… Read more »