Eksit Literatuerbefoarderer

No sa, mar wer betiid blogje, haw noch wichtiger wurk te dwaan…

Ferjou my as ik wer al te kritysk oerkom, ik doch it om de kwaliteit fan de Fryske Literatuer op peil te hâlden.

Ik haw nammers de bannen mei de literatuerbefoarderer no folslein ferbrutsen. Wolle jo witte wêrom? Freegje it de man sels mar. Hy wit wol wêrom.

Fierders: wa betinkt sa’n weardeleaze titel foar it kadoboek fan de Moanne fan it Fryske Boek? Los sân… dat komt net botte keapsjoch oer, no? “Los sân, no, dat kin net net folle wêze, lit mar moai lizze dat boek”, sa sil de sljochtweihinne lêzer tinke. En faaks is it in hiel moai boek, wa wit. Haw sels noch nea wat fan Greet Andringa lêzen, dat ik bin yn feite objektyf.

Sil de Moussaka opwaarmje fannejûn. Sit net in soad fet yn en sa. Ik sit no op 77,7 kilo. Wol nei de 75 ta. Ris sjen oft it fytswaar is fannemiddei, oars mar in oardel oere kuierje.


Comments 6