Alwer in boycott!

Dit haw ik niiskrekt twittere: “Soa, krekt besletten dat ik nèt nei it Boekefeest ta sil, oare wike freed. Beskôgje it mar as boycott…” De hotelkeamer by It Anker ek annulearre.

Der binne ferskate redenen: alderearst de skandelike wurden dy’t de Literatuerbefoarderer fan Tresoar yn it ferline oer my sprutsen hat.  Ik sil noch wolris yn dat gebou wêze moatte, mar sa min mooglik. En ik tink dat ik dan ek noch net klear bin mei de bondel. Der moat wurke wurde, gjin tiid foar feesten!

Noch gjin idee wat der iten wurdt jûn, mar sit der mar net oer yn…

Comments 1