Ja goeie minsken, hjir is Knilles wer. Juster gjin blochke, fanwegen horeka ferpichtings. Moarn tink (ik moat it noch montearje) de opname fan Feddema syn Kaspar Hauser Suite. Ik set it op You Tube. As Omrop Knilles it goedfynt alteast.
Ja, juster wie dus de ûntbleating fan Anne syn selsportret nei oanlieding fan de Gysbert 2009. In hiele moaie presintaasje, dêr’t net in soad folk op ôfkaam spitigernôch. Nuver hear, dat alle âld Gysbert-winners it ôfwitte litten hawwe.
It hie fansels ek better west wannear’t Feddema op syn eigen bloch wat skreaun hie oer de Gysbert Japixpriis en sa, en dit en dat, mar goed: de Fryske Bloggers stjerre út. Dus.
Hjirûnder it tige moaie en aparte selsportret, dat sûnt juster yn Tresoar hinget.
As je gjin utnoeging krije om der by te wezen – en dus fan neat witte – is it net frjemd dat der gjin eardere GJ-winners wiene. Mei oare wurden, mei wat jild fan JATSMA (cq. Arriva) wie my it fest slagge en hier in priveejet (fan JATSMA) om op tiid nei Ljouwert of wer dan ek mar te reizgjen.
w.t. JdeHaan
[…] Lês en sjoch fier by Cornelis van der Wal […]