No sa, dêr wie ik al wer. Wiene jim ûngerêst? Koene jim net sliepe om’t ik juster gjin blochke skreau? Moai sa.
Lit ik yn it foar ferklearje dat wat ik hjirnei skriuw de wierheid is, alteast, ik werhelje wat ik juster heard haw. Want jim witte, ik wol wolris fabulearje. Diskear dus net.
Ik seach juster op it net, by de nije oanwinsten fan de byb fan Tresoar in tige nijsgjirrich boek, moast him hawwe. Tafallich wie dêr ek in jûn fan it tydskrift De Moanne, dat ik knope de foardrachten der efkes oan ta. Dat wie oars in gestammer fan jewelste, en de denigrearjende praatsjes ( eltse flek yn it Frysk op papier wurdt útjûn) fan iene Hans Brans moatte wy ek mar gau ferjitte. Nee, nijsgjirrich wie it neipeatear…
(foto: Sito Wijngaarden)
Teake Oppewal is yndied opstapt as literatuerbefoarderer. Ik makke dêr in pear dagen lyn in grapke oer, mar it is dus wier. Ja, gniis der mar om, mar betiden bin ik helderwittend. De boel wurdt hielendal reorganisearre by Tresoar, Theo Kuipers nimt in soad taken fan Oppewal oer en dat is goed, want Kuipers komt wolris by Cambuur. Teake wurket noch wol by Tresoar, haw ik begrepen.
Hat it opstappen fan Oppewal faaks te krijen mei de deadlike flater dy’t er tsjinoer myn persoan makke hat lêstlyn? Om’t it mei myn famylje te krijen hat, sil ik dêr hjir fierders net op yngean. Ik haw Oppewal wol maild (oardel moanne lyn of sa) dat er him faaks better weromlûke koe as literatuerbefoarderer. Dat hat er dus dien. Krammele, wat haw ik in macht…
No sa. En, wie it jim al opfallen dat der hast gjin besprekken mear yn de Moanne steane? Dat komt, sa ferdútste my Ernst Bruinsma, om’t se hast gjin besprekkers mear fine kinne…
No sa. Jûn ôfpriisde lasagne.
Comments 1