Cornelis van der Wal

Brune snert

No minsken, wer goed nijs fan it Frysktalige blochfront: Albertina Soepboer is wer úteinset mei har webloch! Fansels al daliks synjalearre troch it nea folpriizge tydskrift ensafh. No noch twitterje Albertina!

Of Facebook, of Hives, of… Ik haw in skoftke op Facebook sitten, mar dat kostet my fierstenfolle tiid. Twitterje en blochje, ik haw dêr genôch oan. Troch Twitter yn elts gefal al in pear tige aardige minsken moete, dat it hat syn nut al hielendal bewiisd.

Wat in steltsje stofnêsten yn dy ministerploech fan Brún 1! Ik bliuw derby: it is fierwei it bêste dat wy ôfskied nimme as Friezen fan it Nederlânske regear.

Haw snert en pankoeken mei spek iten.


Posted

yn

troch

Reakce

Ien reaksje op “Brune snert”

  1. Grutte Pier Avatar

    Dan wurdt it noch brúner, no.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.