Cornelis van der Wal

Akademyske Bamy

Drok dwaande mei in poëzijbesprek, dat in bytsje koart om ‘e hoeke hjoed.  Ik haw al in aardich steapeltsje nije bondels krigen, mar der binne ek útjouwers dy’t it blykber net sa wichtich fine dat harren útjeften besprutsen wurde, alteast: se stjoere se net nei de krante ta. Sels mar witte!

Ik seach dat Durk Gorter oan kant setten is as kollumnist by de Ljouwerter Krante. Dêr wie ek net foar in heale sint oan. Joke Corporaal folget him op. Yn har earste kollum hat se it oer har eigen boek. In bytsje reklame foar josels, dat moat kinne no, yn dizze barre tiden. Oars wol in aardich stikje fan dit akademysk foarme frommeske. Ik wit wier net wêrom, mar wannear’t wy inoar moetsje, dan docht se altyd tige fijannich. Wat haw ik misdien?

Jûn bamy opwaarmje, lytse lûmpia’s bakke.


Posted

yn

troch

Reakce

2 antwurden op “Akademyske Bamy”

  1. Knilles Avatar
    Knilles

    Hmmm, dat is in smaaklik berjocht! Ik haw der noch nea lêst fan hân! Myn yntaasten binne fan beton.

  2. Fruo Avatar

    Hoi Knilles,

    Moatst efkes lêze: http://www.nu.nl/gezondheid/2353585/nasi–en-bamipakketten-vaak-niet-vers.html

    Kinst dyn bamy tenei better sels meitsje!

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.