Wêr bliuwt it Skriuwersboun?

De Provinsje hat dit jier samar, midden yn it seizoen, sûnder oerlis, de subsydzjeregels foar Frysktalige boeken oanpast. In bytsje efterbaks, meie jo wol sizze.

Ik sitearje Abe de Vries:

,,De provinsje hat de subsydzjes no al koarte”, zegt Abe de Vries. Zo is voor de tweede helft van dit jaar een maximaal subsidiebedrag van tweeduizend euro per titel ingesteld. Daarbij worden e-books (digitale boeken) en luisterboeken voortaan uit dezelfde subsidiepot betaald, evenals boeken in het Bildts en Stellingwerfs. ,,Wylst de subsydzjepot net ferromme is. Der is no dus al minder romte foar printe Frysktalige boeken.”

Opfallend is it swijen fan it Skriuwersboun wat dizze kwealike saak oanbelanget. Wêr is it Boun wannear’t se nedich binne? Of haw ik wat mist?

En wêrom stiet dy Oesdrip net mear online?

No sille jo faaks sizze: ‘wurd dan lid fan it Boun, dan kinne jo meiprate’. Dat wol ik ek graach, mar dan moat earst in bepaald bestjoerslid opstappe. Ja, dy ja, mei har Mac yn It Hearrenfean.

Sil ris goed neitinke wat ik jûn ite wol.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

8 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
trackback

[…] dúdlik. It Boun hat goed har bêst dien wat de subsydzjes en sa oanbelanget. Ik nim myn bloch fan ôfrûne sneon werom, ik hie gjin gelyk. Dat komt foar. Ik jou myn flater ta. Dat soene oaren ek ris dwaan […]

Martsje
Martsje
11 years ago

En ja, ik bin in taalfanaat. No en dan mei ik ris in manuskript neirinne en dan falt it my op hoe min guon “auteurs” de eigen en Nederlânske taal behearskje. De eigen, dêr kin ik ynkomme, net elk hat it Frysk mei de brijleppel opfuorre krigen, mar ús twadde Rykstaal, dêr meie jo de d en t dochs wol fan elkoar ûnderskiede kinne? Oer de polityk wol ik suver gjin praat hearre. Ik bin net foar neat nei seis jier út’e gemeenteried stapt. Elts prinsipe is te keap foar in sit yn it plús, sels de prinsipes fan myn… Read more »

Grutte Pier
11 years ago

Hear, hear….

Martsje
Martsje
11 years ago

De plaat mei dan oerslaan, hy docht dat wol by in knap ferske. Abe hat it lykwols al oer minder printe Fryske boeken, hy soe ek helte kritysker wêze op wat hy útjout, want der binne boeken by, dy binne it lêzen net wurdich, is myn betinken. Boppedat moat er foaral net besúnigje wolle op de neikontrôle fan de tekst, want it tilt betiden op fan’e flaters. Skande, soks is net nedich, tinkt my. Mar oars: hy makket him hurd foar it Fryske Boek (e en net sa e) en dat soene se dêr op it provinsjehûs ek dwaan moatte.… Read more »

Koos
Koos
11 years ago

Hast yndied wat mist, Knilles.
En wannear makkest dy plaat fan dy ris skjin? Hy slacht oer…

Grutte Pier
11 years ago

Jo binne in bytsje rankuneus, no.

trackback
11 years ago

[…] Lês fierder by Cornelis van der Wal […]