Bargefleis op ‘e fyts

Krij hjoed besite, dat efkes iten siede yn it foar. Ja, it wurdt wer bamy, mei dêrby eat mei bargefleis. Ik sjoch wol. Der steane resepten by’t soad op ynternet.

Ik skreau lêst dat Omrop Fryslân frijwol neat oan de ‘hegere’ kultuer mear docht. Of soks yn dy oarder. Dochs hawwe se de ôfrûne wike, wierskynlik nei oanlieding fan myn skriuwsels, in pear moaie programma’s útstjoerd. Ik doel op it tv- programma oer Jikke Ozinga en it petear mei Johanneke Liemburg oer har Bio fan Fedde Schurer. It is oars al in griis om Schurer sjongen te hearren, efter syn harmoanium: alderferskriklikst! Mar fierders hiel nijsgjirrich. Dat boek moat ik ek sjen te krijen. Is der gjin pdf-ke fan? Dan set ik him op myn E-Reader.

It is wer fytswaar, mar ik kom der tink net oan ta hjoed. Ik haw ek noch gjin goede ynstjoeringen krigen wat de foto’s fan juster oanbelanget. Sels mar witte, dan krije jo ek gjin priis.

Bamy dus.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

2 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
Fruo
11 years ago

Ha Cornelis,

Haw it boek fan Liemburg oer Schurer thús lizzen. Ik hie de ear om promovenda Liemburg te ynterviewen yn opdracht fan de universiteit (der moast in parseberjocht oer har proefskrift skreaun wurde). Do meist it boek (nei moarn) fansels fan my liene…..

Groetnis Fruo