De rankune fan Hylke Tromp

Justerjûn haw ik dan dochs mar nei de *kuch* lêzing fan Hylke Tromp yn Tresoar west, it gie *kuch* oer de Frysktalige poëzij tusken 2000 en 2010.  Och, ik kin it allegear wol gearfetsje, mar dêr haw ik gjin nocht oan, want ik siet neitiid ek noch efkes yn de Scamele Ruter mei de ûnbegrepen (net troch my) dichter Pier Boorsma. En der is ek noch myn Palmke…Dêroer letter…Yn elts gefal: ik sels fûn it it benammen ‘deromhinnegelul’ wat Tromp debitearre. Dat, dus, mar ek noch folle slimmere saken spilen har ôf yn Tresoar…

Wat tsjintwurdich foar essay (want soks moast dit  foarstelle tink?) trochgean moat… Minsken, minsken… En it misbrûk fan machtposysjes…

Ja, Brutus, ek hjirre… Oeral gelyk.

Lit ik dúdlik wêze, en ik wol der net omhinne lulle lykas Tromp justerjûn die. Ik haw swiere krityk hân op ús Hylke. Hjir bygelyks. Tromp is dêr lilk om wurden. De wierheid hat in skel lûd, sa’t de âlde Sinezen al seine. Dêrom hat Hylke yn it foar al besletten: wat ik ek skriuw oer de Moderne Fryske Poëzij – Cornelis van der Wal sil der net yn foarkomme.

Ik lit it oan oaren oer, oft soks eins wol terjochte is. Yn elts gefal: myn namme is dus net ien kear neamd.

Hoe lyts en fout kin in minske wêze.

De hear Tromp sit (of siet) yn it bestjoer fan it Letterenfonds. Hy giet (of gie) oer de (hichte fan) de wurkbeurzen dy’t eventueel takind wurde, wannear’t in auteur dêr in oanfraach foar yntsjinnet. Soks jildt dus ek foar Frysktalige skriuwers/dichters.

Wat is  it dochs moai, dy moderne technyk!  Dat wol sizze, myn Palmke wurdt al in bytsje antyk, mar alles wurket noch… Ik woe mar sizze: ik haw (hast) alles opnommen fan dizze lêzing mei dit geniale apparaat, en ik set it meikoarten online. De earste pear menuten ûntbrekke. It neipeatear, dêr’t Tromp ûnder oaren tige denigrearjend oer it dichtwurk fan Henk van der Veer die, haw ik spitigernôch ek net opnommen.

Ik koe it pedante (hy stie der by as hie er de wiisheid yn pacht) gelul fan Tromp op it lêst net mear ferneare, gie oerein en zeide: ‘ik haw no wol genôch gelul heard’. Tromp: “Moai datst der wiest, Cornelis”.

Dus.

STAY TUNED FOAR DE TROMPY LEAKS! Meikoarten de praatsjes fan Tromp online!

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

3 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
trackback
11 years ago

[…] Lês fierder by Cornelis van der Wal […]

ijsbrand
11 years ago

Subsydzjes bernje macht, en ûnderdienichheid.

josse de haan
josse de haan
11 years ago

Ik bin heel benijd nei dat essay – hat er ‘spikers mei koppen’ of ‘spikers yn koppen’ slein? (sjoch ek Piksjitten op Snyp).