Boartsje mei Dana

No mei er ek wolris in kear komme, myn nije boartersguod. Of nij… Nij foar my alteast al. Ik haw it oer dit apparaat. Ja, wat is it? Sil ik it wol brûke?

Yn elts gefal, myn nije twaddehânsk freondintsje sit no tink noch yn it fleantúch út de States wei. Ferstjoerkosten wiene heger as it ding sels. Mar wa wit wurdt hjir wol in Nij Frysk Masterwurk op skreaun. It ultime Fryske Boek, dat alle oare Fryske Boeken oerstallich makket.

En foar de minsken dy’t tinke fan: skriuwt dy Knilles gjin besprekken mear foar it Deiblêd? Jawis wol, dat komt allegear ynoarder!

Sil aansens potstro opbakke & spek.

0 0 votes
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

0 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x