Cornelis van der Wal

Spearstrapunt

No bin ik my der fan bewust dat ik de lêste tiid tige kritysk útlitten haw oer it Ynstitút dat Tresoar hjit. Dat soe eins net nedich wêze moatte, want op himsels is der neat mis mei, dy minsken dogge ek har bêst, meie wy oannimme fansels. Oer de (eks?) literatuerbefoarderer haw ik al genôch skreaun. Gjin wurd mear.

Mar wêr binne se no yn ‘e goedichheid mei dwaande? Foar de Moanne fan it Fryske Boek hat Tresoar Hylke Speerstra frege om it kadoboek te skriuwen. Wa betinkt soks? Speerstra is tink, mei Rink van der Velde silger, de bêst ferkeapjende Fryske skriuwer. Dat hy hat de ekstra reklame hielendal net nedich. Tresoar is neffens my wanhopich op syk nei mear oandacht foar de Fryske literatuer. It probleem is: Speerstra skriuwt gjin literatuer, mar folksboeken. Op himsels ek neat mis mei. Dus Speerstra is no spearpunt (hahaha) foar de Fryske Literatuer?  Wiene der gjin literêre skriuwers te finen?

Ik kin it net mear folgje.

Haw bakje iten opwaarme


Posted

yn

troch

Reakce

3 antwurden op “Spearstrapunt”

  1. Knilles Avatar

    Ha Froukje! Do ek mar de bêste winsken! Bin benijd nei it essay….

    fr gr cor

  2. Fruo Avatar

    Ha Knilles, tocht…haw al in skoft net op it hiem fan de strúnder út Snits sjoen. Dat dêr bin ik efkes om dy in sûn en literêr 2011 ta te winskjen. Tafallich bin ik op it stuit mei in essay oer literêre sjoernalistyk dwaande. Lês (resinsjes fan) It Wrêde Paradys It Ferfolch dêrfoar fan maat Speerstra. Sil my fierder foarearst fan dizze diskusje ûnthâlde. Cheers!

  3. Martsje Avatar
    Martsje

    As it bedoeld is om mear twivelders oer de streek te skuorren, dan kin ik my yntinke dat se krekt in skriuwer as Hylke Speerstra frege ha. Hy skriuwt tagonklik, werkenber en hat, sa ast al seist, gjin reklame nedich: hy is reklame op himsels, ast dat no leuk fynst as net. Minsken dy’t net gau in Frysktalich boek keapje, sille faaks oerstaach gean, as se der in boek fan Speerstra by kado krije. Hoopje ik, teminsten. Mar dan ha’k it allinnich oer de ferkeapsifers. Se besykje wat. Hokker jonge Fryske skriuwer biedt himsels oan en skriuw fergees wat? Dan soe der faaks in tsjinhinger wêze kinne. Twa kadoboeken. Fansels, dat kin net, want dat dogge se ommers nea (en eat oars ek nea dwaan skynt altyd in ferhipt goeie reden te wêzen om it dus net ris oars te besykjen).
    Is it sa dat der net sa folle nije Fryske skriuwers binne? Binne se der wol, mar slaan se te min op’e tromme? Of binne se der wol, slane se omraak op’e tromme, mar is der net in minske dy’t har krewearjen acht slacht, of acht slaan wol? Krije se gjin kâns by ús útjouwerijen?
    De FPB ha’k it alris oer hant: dy jouwe alles út wat harren yn’e skoat smiten wurdt, sûnder al te folle oandacht te besteegjen oan de kwaliteit. PENN freget in fermogen oan eigen bydrage, ear’t se wat útjaan wolle en boppedat rjochtsje dy harren net sa bot, of hielendal net, op literatuer. Wat bliuwt der oer?
    Moat nij talint dan syn as har wurk útjaan op eigen manneboet en dus eigen kosten? Moatte se nei Bornmeer? Wa’t it wit mei it sizze. Sjoen it betreklik lytse tal striders om de Rely Jorritsmapriis moatte wy ús ek net al te ryk rekkenje, bin ik bang. Spitich, mar ik tink dat it mei it Fryske skriuwen wolris krektsa wêze sil as mei it keatsen: it wol wol graach as topsport besjoen wurde, mar it lûkt gjin folk en dus bliuwe de jildkranen rûnom ticht.
    Lykwols, in leafhawwer wit it paad nei de fjilden wol te finen.

    Groetnis,
    Martsje

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.