Frysk Literêr Nijs

De plysje hat moandei oan it sykjen west nei de 86-jierrige dichter Simen de Boer út Oerterp. De man wie moandeitemiddei in bytsje yn de war fuortgien, yn de auto. De plysje skeakele Burgernet yn, mar dat smiet neat op. Tiisdeitemoarn is dúdlik wurden dat De Boer earne yn Dútslân weromfûn is. Syn famylje is op de hichte brocht.

De Boer, earder ûnderwizer te Wommels, hat tidens de besetting 5 dichtbondels útbrocht, wêrfan De Brune Float de bêste kritiken krige. Nei de befrijïng hat er trije jier yn in ynternearingskamp opsletten west. Fierders hat er nea mear wat skreaun. De Boer waard letter arbeider yn in tsiisfabryk.

0 0 votes
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

2 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
anne feddema
anne feddema
11 years ago

Ik fûn lykwols de bondel…Ik folgje de Lieder…noch better, mei dêryn it briljante fers….Samba yn Germania.Dr.A.H.B.Feddema.

2
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x