‘Samba yn Germania’ fan Simen de Boer

(sjoch dit blochke + de reaksjes)

Achte drs. van der Wal,

Ik haw it fers efkes opsocht en omstavere foar jo lêzers. It is in nuveraardich fers, it liket wol oft de hiele literêre skiednis fan begjin 20e ieu foarbykomt. It is spitich dat de Boer net mear skreaun hat nei de oarloch, hy hearde ta de bêsten en hie neffens my de Gysbert Japicxpriis dik fertsjinne. Mei freonlike groetnis dr.A.H.B.Feddema. Litertuerdosint oan’e universiteiten fan Appelskea en Rostock.

p.s. let noch efkes op elkien…neffens my is de Boer de ienige grutte dichter dy’t dit sa brûkt hat, en de heimsinnige rigel…Alle liken binn’ der ien…dat is it moaiste miskien wat der ea yn’e Fryske letteren skreaun is.

Samba yn Germania

Ik dûnsje mei jo
De Samba Mem
De Samba Mem
De Samba Mem
Ik dûnsje mei jo
De Samba Mem
Samba yn Germania

Us leafde draacht
Myn ûnderskiedings
It kommend bloed
Is blau en read
Ik hâld fan bommen
En granaten, kûgels
Gean ik minsk nei Minsk
Alle liken binn’ der ien
Troch it fjoer
Op negers ritme
Bin ik de Samba Slaaf Soldaat
Dûnsjend mei it baarnend swurd
Fier fan hûs en hurd
De mûle fol modder en stront
Stjonkend as in murd

Dronken dûnsje ik de Samba Mem
De Samba Mem
De Samba Mem
Ik jou ús neiskaai fêst in tút
Foar elkien dy’t it noch net wist
Der is hjir noch in kist
Mar net foar my
Dea oan’e fijan
Dat duvelsk spoekfiguer
De Bolsjewist!

0 0 votes
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Harmen Rypma
11 years ago

It is in oangripend fers, dy De Boer wie syn tiid fier foarút!

1
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x