Âlde keallen mei pindasaus

Wol nijsgjirrich hear, dy argivearre linkjes. Sjoch blochke fan juster. Bygelyks Abe de Vries dy’t op 5 april 2006 skriuwt:

‘Elke kear wer moat Hettinga syn stikjes yn de Moanne misbrûke om syn gram te heljen oer ‘de oaren’. Elke kear moat er op in achterbakse wize besykje syn Gelyk te krijen oer de rêch fan in oar syn poëzij.

Yn dat ramt skreau er yn it Fedde- en Gysbert-jier 2005 in resinsje oer de bondel fan Hut, dy’t al resinsearre wie yn syn blêd. Hy skreau in resinsje oer de bondel fan Kuiper, dy’t er sels redigearre hie. Hy fûn it noadich om syn lêzers te ferdútsen dat it foar it wurk fan Van der Wal faaks better west hie as de dichter in betide dea stoarn wie. Dat wie foar Van der Wal reden om syn abonnemint op de Moanne op te sizzen.’

Ja minsken, dat wiene nochris tiden. Jo meie jo wolris ôffreegje: wêr’t Eeltsje eins bleaun is, digitaal sjoen dan? Ek Elske S. hat de striid opjûn. Ik tink dat se gewoan te âld en krebintich oan it wurden binne.

Jûn sil ik te wokken (wokjen?) yn Ljouwert. Ien ding stiet fêst: in soad pindasaus deroer! En mar hoopje dat der ek wat bamy bysit…

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *