Bin wat oan it eksperimentearjen mei Scrivener. Faaks by minsken mei in Mac al bekind, mar der is no ek in Windows ferzje yn oantocht. Mar wat is it? In programma om mei te skriuwen, en dat is moai, want dat is tafallich myn Libbenstaak. Ik haw nammers al mear fan soksoarte programma’s, mar om te sizzen dat ik se faak brûk… Dizze is fergees: lomchari en dy docht it hiel aardich. Mar, ik wit it sels ek wol: it binne yn feite allegear omballingen.
Hjir noch in pear skriuwershelpkes.
Ik waarmje jûn bakje iten op.
Tige tank foar it neamen fan myn stikje software. Ik bin bliid om te hearen dat minsken der gebrûk fan meitsje en der wat oan hawwe. Dat is fansels ek de reden dat ik it op it ynternet setten ha.
Nochris tank!
Jawis, in holle en in ûngelokkige jeugd is alles wat nedich is… En in stikmannich fingers om te typen/skriuwen. En…
By in soad beroppen en ambachten wol ik leauwe dat de kwaliteit fan it ark in ferskil meitsje kin. Mar by it skriuwen no krekt net.
Of men moat de holle fan de auteur reau neame.