Petra en Geert

Sjoch, dat is no ris aardich nijs, fûn op de side fan Omrop Fryslân:

Yn ruil foar stipe oan it famke Sahar út Sint Anne dat mei útsetting bedrige wurdt, mei Geert Wilders it Fryske PVV-twitteraccount werom hawwe. Bliken docht dat de Drachtster politika Petra Kramer mei it account oan de haal gien te wêzen. It eardere SP-riedslid Kramer hat dat woansdeitejûn sels yn har tweets tajûn.”

Jo witte dochs wol wat Twitter is? Yn it Frysk is it sokssawat as ‘Tsjetter’. Fia Twitter kommunisearje jo mei koarte berjochten, dy’t wier net allinnich geane oer dat jo nei it húske moatte of dat jo jûkte op ‘e rêch hawwe. Dat binne foaroardielen fan minsken dy’t it nea besocht hawwe. Twitter is wat nijsfoarsjenning oanbelanget fierwei it rapste medium op ynternet. It hat yndied betiden wol wat oerflakkichs, mar der wurde yn de ‘tweets’ ek faak trochferwizingen nei artikels op it ynternet jûn, dat it falt eins ek wol wat ta. It is gewoan saak nijsgjirrige minsken te folgjen. Der binne noch net sa’n soad Frysktalige Tsjetterders, mar dat kin noch komme…

Ik sels haw der sels persoanlike kunde oan oerhâlden, dy’t by my thús fan myn frijwat krûdige bamy preaun hawwe…

En jo kinne der dus ek aardige grappen mei meitsje. It nep-PVV-account fan Petra Kramer is bot fermaaklik, mei in moaie yntroduksje: “Een samengeraapt zooitje dat denkt de politiek te gaan veranderen onder de strakke leiding van iemand die al sinds 1990 onder de Haagse kaasstolp verblijft.”

No sa, sa is’t mar krekt. En no moat ik nei it húske.

(earder ferskynd op Text TV)

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

2 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
Buro InteralphanskeSneek NL

Cor, dyn bami is langsaamerhan fenaam oan’t wudden. Tsjetterproofe bami.. Earte bami-marketing via Tsjetterders. Gouden!