Hafiz Achmed Boehazza, yn de Fryske literêre wrâld ek wol bekind as Ate Buwalda, is juster opppakt troch de plysje. Op Wâldnet stiet in ferslach fan syn oanhâlding. Sa liket in tragysk ein te kommen oan wat in grut ûnthjit neamd wurde mei.
Boehazza is bekind wurden om’t er as ien fan de earste asylsikers it Frysk brûkte foar syn poëzij. By útjouwerij Fryslân ferskynde ferline jier syn dichtbondel Holledoekje foar in Wâldpyk.
Sân
Ik bin net mear thús te bringen
Ik hingje yn de wolken
De Moanne wol my pakke
Mar ik bin fier
De ôfstân smyt gjin stien
De Dea ropt.
Ik kin him net ferstean.
Post a Comment