No, it is my wat. Foar it earst in boek fan Koos Tiemersma yn ‘e hûs. Tiemersma, eks- Frysktalich skriuwer, mar nuver genôch dochs oanfierder fan de Fryske skriuwers, as foarsitter fan It Skriuwersboun, hat syn boek De Mjitte, dat no nuver genôch Ien is in swalker hjit, fergees beskikber steld om del te laden, as e-boek. Fergees! Dat moatte se by my gjin twa kear sizze. Daliks binnenhelle. Noch net yn lêzen, mar dat sil ik wiswier wol dwaan. Tige grappich de warskôging op Koos syn, yn it Hollânsk skreaune side: Let op: dit is een Friestalig e-boek! Jo komme net mear by.
Ek hiel grappich binne se by de Moanne. Yn in soarte fan literêr Snip en Snap petear prate ?*? en ?^? oer poëzij. Se hawwe it sjenre net al te heech. “No lês ik fral poëzy dy’t ynstjoerd wurdt foar de Moanne. En poëzy dy’t ik beoardielje moat foar de útjouwerij.” Sa seit ?*?. “Poëzy dy’t ik beoardielje moat“. Mei tsjinsin, sa liket it wol. Wat soene de dichters yn it fûns fan ?*? fan sokke opmerkings tinke? It sil jo útjouwer mar wêze…
Ik haw in bakje iten opwaarme.