Contrabas en brune beane

Hjoed mei myn âlde leptopke’s oan it prutsen west en fierders de yndieling fan myn skriuwplakken feroare. Foar de safolste kear myn toshiba T1910 yn eare hersteld! Ik koe him eins net mear brûke, om’t it diskettestasjon net goed mear wurke. Mar der sitte fansels ek yngongen foar pcmia kaarten yn. Dat woe my earder net slagje, om’t ik de drivers net fine koe. De leptop wurket ûnder Windows for Workgroups. Mar ik haw it no oan de praat krigen, dat hy stiet wer te pronkjen yn de wenkeamer.

Oars ek moai dat de Contrabas efkes linkt hat nei ensafh. Wy sille meikoarten ek mei oersettingen fan myn poëzij oan de slach. No sa.

Ik waarmje brune beane op, mei net te definiearjen prut dertroch. Mar al lekker. Dus. In soad skerpe moster derby.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

0 Comments
Inline Feedbacks
View all comments