Redbad Rames

No, dat wie in moaie middei yn Stiens. Nijsgjirrige foardrachten en Kramtried kin útgroeie ta in wichtige band yn it Frysktalige Metal-barren. Ik kin ek útgroeie, mar doch oan de lijn. Fannemoarn 77 kilo. Hat wolris mear west. Mar ik haw myn kop ek wer milimetere, dat skeelt faaks wer wat gewicht.

Ûnder de taharkers wiene Abe de Vries en Willem Schoorstra. Abe hat opname’s makke mei syn nije kamera. Hooplik sjogge wy dêr wat fan werom op syn bloch! En mei Willem it idee besprutsen fan in rûge rockband, besteande út Fryske skriuwers. Ik soe dan fansels wol wat mei de elektroanika dwaan kinne. Of sjonge. Wa docht mei? Der komt ek al gauëftich in nije roman fan Schoorstra út. Wat wie de titel no ek wer? Eat mei Redbad, wol’k leauwe.

Ineke Wolf wie der ek!

Minsken fregen nei it útkommen fan myn nije bondel Kristus Pavlov. No, dy haw ik al op 11-09-2010 ynlevere, mar de ynstânsjes stelle har beslissingen hieltyd út, dat de útjouwer en dichter witte no noch net wêr’t se oan ta binne. Dit is de gearstalling fan de kommisje dy’t giet oer it al as net subsidiearjen fan de bondel: Eric Hoekstra, Alpita de Jong, Hylke Tromp en Redbad Veenbaas. Nee, ik sis neat.

Bamy rames

Comments 5