Yep, Knilles wie der ek by, by de presintaasje fan Rêdbâd fan Willem Schoorstra. Ik hie spitigernôch net genôch jild om it boek te keapjen, mar dat komt noch. Ade van der Wal, myn lang fermiste, mar no nei lang sykjen weromfûne Broer, hie in nijsgjirrige taspraak oer de skienis om de figuer fan Redbad hinne. En hy hie ek krekt in ex fan Kening Kees kocht, dat ik moast der efkes in hantekening ynsette.
Al wat tefolle bier hân op de neisit, dat juster wat gammel.
Hjoed bin ik nei Grins reizge, om nei twa jier sûnder dochs mar wer lid te wurden fan de de UB-bibletheek. It wie krekt of hie ik der nea wei west, de letteren bibletheek. Ik moete dêr ek in grut Filosoof en Mystikus, mar dat is… jawis…. Geheim…
Haw patat en bamyskiif iten.
Seker in gesellige neisit! Oare kear kinst wol wat langer bliuwe yn Kafee Erik.