Sneeker Neptunus

Heden heden, wat in drokte minsken. Fannemoarn filmopnamen makke. Ik haw de haadrol. No ja, tegearre mei noch ien. Jim krije wol te hearren hoe en wat! Moarn moatte der noch wat sênes oerdien wurde. En dan wurde de filmers ek filmd troch in oare filmploech. Ja, de media haww knilles fûn mei’k wol sizze. It sil mei myn Neptunus trijehoek te krijen hawwe, tinke jo ek net?

Oare wike sil dan, neffens de nijste berjochten, de bondel einlings ris ferskine. Der sit in dreech aspekt foar de printer oan it ûntwerp foar Elmar en myn bondel. Jim sille it wol sjen.

Ek wer in moaie jûn yn it ramt fan de kursus Sneekology. Wy wiene by de fuotbalklup LSC te gast. Hiel moai, âld ûntwerp fan de kantine, pardon it restaurant.

Haw bakje iten opwaarme.

Post a Comment

Your email is never published nor shared. Required fields are marked *