Fryske skriuwers knibbelje foar it kapitael

Ja hear, ek de Fryske Literatuer wie fertsjintwurdige by it elite-treffen yn Achlum, ôfrûne sneon. Hylke Speerstra (of syn webmaster) skriuwt:

‘Op de Conventie van Achlum (28 maaie 2011) krige ek de Fryske literatuer omtinken.
Yn folle húskeamers kamen de dichter Tsjêbbe Hettinga en prozaïst Hylke Speerstra los mei fersen en proazafragminten. Mindert Wijnstra fermakke de jeugd mei prachtige ferhalen.’

Ik freegje my ôf, wat skoot soks eins? En wa kiest dizze Fryske skriuwers út? En wêrom wie der gjin frou by? It binne fansels wer ‘adviseurs’ by Tresoar wei west. Dêr sit de macht. Dêr wurdt bepaald wat Literatuer is.

No freegje jo jo (jojo) faaks ôf: soe Knilles ek net foar it grutte jild gean as it him frege waard? Ik fersekerje (haha) jim: yn dit gefal perfoarst net. Ik spui op soks.

Oer spuien sprutsen: Eeltsje Hettinga hat in nij weblog. Of moatte wy him Digibeeltsje neame? De feeds wurkje yn elts gefal net. Is fansels ek tige dreech om soks yn te stellen. Wy rinne mar net foarút op de takomstige ynhâld.

Haw juster bamy iten. Yn Amsterdam snein patat pinda en in Hite Hûn.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

2 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
anne feddema
anne feddema
10 years ago

Ja Cor…omtinken foar de Fryske Literatuer…it wurd kultuer kaam net iens foar op’e oankundiging fan de Dei. Slimste fyn ik noch dat se der in catering út Amsterdam opsette…hawwe we hjir ek wol en Marco Poldervaart en Klaas Kasma foar it iten soargje litte…mar nee gjin inkeld spatjse fantasije. En it is Wim Brands gjin Brandt…hy stie ek net yn fjoer en flam foar Speerstra leau ik.