Ik falt my dochs bot ôf, it lytse oantal Friezen dat har eigen taal skriuwe kin. Jo meie dus no wol stelle dat it ûnderwiis finaal tekoartsjit. En Jannewietske kin prate wat se wol, it is benammen de polityk oan te rekkenjen dat it Frysk net as folweardige taal brûkt wurdt.
Skokkende foarbylden fan min Frysk skriuwen wurdt alle dagen byhâlden op de Twitter fan Daam de Vries. It giet om it brûken fan ús taal op de side fan Omrop Fryslân. Ik moat der betiden slim om gnize, mar gûle is faaks better op syn plak…
Waarmje aanst bakje iten fan de LIDL op. Lekkel.
Mei moai waar op HYLKE ut te riden, en lykas amazones dogge, him ut en troch mei it stokje op ‘e bealch jaan, sadat er dy as in toer de france rider troch de Snitser ommelannen reest.
Haha, krekt as Huize Algra seker, by Reve! Tank!
Dy nije fyts moat mar de namme HYLKE hawwe – dy hat der tige oan bydroegen, datst him keapje koest. Hylke Pavlov (sterke bondel trouwens!) hat ek wol wat.