Mail oan it Skriuwersboun + updeet

Understeande mail ferstjoerde ik juster oan it Skriuwersboun. Ik haw neffens my al fjouwer kear in fersyk dien om my de ledelist ta te stjoeren. Dêr haw ik, as nagelnij lid fan it Boun, rjocht op. Sjoch hjir mar, ûnderoan de side. Lykwols: ik krij hielendal gjin reaksje, lit stean stean dy ledelist. It wurdt tink tiid om mar wer op te sizzen. Mar dan wol ik al dy 25 Euro werom.

Jawis! Ik bin kritysk. Ik fyn it hiel nuver dat de foarsitter fan it Boum, de hear K. Tiemersma tenei wegeret om ek mar in wurd Frysk te skriuwen. Literêr Frysk, goed te begripen. Dat moat er fansels allegear sels witte, mar ien dy’t him sa denigrearjend oer de Fryske taal útlit, sit as foarsitter fan in organisaasje foar Frysktalige auteurs op it ferkearde plak. Boppedat begjint de man him autoritêr, nee, sis mar gerêst diktatoriaal te gedragen. Lês dêr de nijste Oesdrip mar op nei. Dat krije jo der fan. Fan Macht. En litte wy de kwestje Elske Schotanus en de Fedde Schurerpriis mar net wer oprakelje. Sykje mar yn de wolk, hjir rjochts.  It fertrek fan frou S. as bestjoerslid wie foar my oanlieding om wer lid te wurden.

De mail dus:

Bêst Boun,

graach soe ik witte wolle wêrom ik gjin reaksje krij op myn fersyk om de ledelist oan my ta te stjoeren.
Ik bin fan doel in stikje oer dizze nuvere praktiken te skriuwen, op myn weblog. Mar, út fatsoen, jou ik it bestjoer earst de kâns út te lizzen wat no krekt it probleem is.
Hawwe jim faaks muoite mei myn persoan? Wêrom bin ik dan talitten as manlik lid?

No, ik hear it wol.

Mei heechachting: Cornelis van der Wal

UPDEET: lês foaral ek de kommentaren by dit berjocht. Is tink wol wichtich wat de Gysbertjapicxpriis 2011 oanbelanget.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

7 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
Stoute Pier
10 years ago

It komt altyd oars, no.

@te
@te
10 years ago

Wol efkes folslein wêze mei jimme sitaten, nommele hearen:

http://skriuwersboun.nl/SKRIUWERSBOUN/NIJS_AGINDA/Artikelen/2011/4/4_Fan_de_bestjoerstafel_1_april.html

It bestjoer hat yn 2009 in net frege advys oan de provinsje oer de literêre prizen útbrocht. Sjueryleden sitte faak ticht op it Frysk literêre wrâldsje. Ek de gearstalling fan de sjuery dy’t advys útbringe sil oer de Gysbert Japicxpriis 2011 is net de meast ideale: dy bestiet út trije Fryske skriuwers.

Stoute Pier
10 years ago

Wêz in sinnestriel, in oar hat er ferlet fan, no.

ijsbrand
10 years ago

En dêrtroch wurdt it noch moaier, fansels. Ate G. en Koos T. hawwe dus yn 2008 offisjeel besletten dat se elkoar noait in priis jaan kinne, dat ta offisjeel stânpunt makke fan it Skriuwersboun, en dat mei klam yn in brief nei de provinsje skreaun, en fierders oeral bekend makke.

En no is it 2011…

Stoute Pier
10 years ago

Skep freugde yn’t libben oars krijsto de mot yn’e mage, no.

ijsbrand
10 years ago

Wat tinkst’? Sil der noch in brief útgean fan it boun nei de provinsje, dat de sjuery fan de Gysbert Japickx net kin, omt net elk sjuerylid genôch ôfstân nei it literêre fjild hat om in frij en anonym oardiel jaan te kinnen oer de boeken dy’t foar de priis yn ’e beneaming komme sa’t se yn 2008 hawwe woene? Doe’t in Ate Grypstra noch bestjoerslid wie, en dus fûl wie tsjin de oanwêzigens fan skriuwers en resinsinten yn sjuerys. Doe’t in Ate Grypstra noch in brief nei de provinsje ûndertekene hat, mei dizze wurden, en myn ûntslach easke? Wylst… Read more »