Bêst Boun,
graach soe ik witte wolle wêrom ik gjin reaksje krij op myn fersyk om de ledelist oan my ta te stjoeren.
Ik bin fan doel in stikje oer dizze nuvere praktiken te skriuwen, op myn weblog. Mar, út fatsoen, jou ik it bestjoer earst de kâns út te lizzen wat no krekt it probleem is.
Hawwe jim faaks muoite mei myn persoan? Wêrom bin ik dan talitten as manlik lid?
No, ik hear it wol.
Mei heechachting: Cornelis van der Wal
Skriuwersboun bestjoers-sekretariaat aan mij
details weergeven 10:42 (1 uur geleden)
Ha goeie Cor,
Dyn fersyk rôp by it bestjoer de fraach op hoe om te gean mei de privacy fan de leden.
Wy hawwe dyn fersyk om it tastjoeren fan ‘e ledelist wiidweidich bepraat yn breder perspektyf. Wy hawwe besletten de ledelist ta te stjoeren mar net de (mail)adressen en tillefoannûmers yn ferbân mei de privacybeskerming fan de leden.
Utsoarte wurkje wy graach mei oan fersiken fan leden om har wurk, presentaasjes of soksawat bekend te meitsjen troch dit om te stjoeren.
Ik hoopje dyn fraach hjirmei beantwurde te hawwen.
Bêste groetnis,
Sjieuwe Borger
nt. skriuwer
p.s.: de ledelist komt der oan
Date: Thu, 30 Jun 2011 18:27:37 +0200
Subject: reaksje op website Skriuwersboun
Cornelis van der Wal aan Skriuwersboun
details weergeven 10:51 (1 uur geleden)
Goeie Sjieuwe,
…
Wat ik my no ôffreegje: dogge jim dit by alle fersiken om de ledelist ta te stjoeren? Of bin ik de iennige dêr’t sa’n ûnfolsleine ledelist oan tastjoerd wurdt? Binne jim bang dat ik misbrûk meitsje sil fan de ledelist? As dat lêste it gefal is, dan fersykje ik jim my daliks út te skriuwen as lid, en my de 25,- Euro kontribúsje werom te beteljen.
…, mar ik fyn it in skandalige gong fan saken.
fr gr cor
Bêste Sjieuwe,
ik wachtsje jim antwurd net iens mear ôf: ik fersykje jim my no daliks fan de ledelist te skrassen en my de kontribúsje fan 25,- Euro werom te beteljen. Jim hawwe de regels feroare, allinnich mar om’t jim benaud binne dat ik misbrûk meitsje sil fan de ynformaasje dy’t yn de ledelist stiet. De reden dat ik dy list graach hawwe woe, wie om evt. nije kontakten te lizzen. Mar jim geane der blykber fan út, dat ik minsken lêstich falle sil.
No, mei sa’n bestjoer wol ik neat te krijen hawwe. Dat: ik hoech dy oanpaste list ek net mear.
Ik set dizze konversaasje wierskynlik aansens ek online, om’t it in saaklik karakter hat, it is gjin persoanlike mail.
fr gr c.
‘Memmeneukers’? Motherfuckers do’nt fuck Afuk-Frysk, no.
Ik kin my herinnerje…jaaaa…eeuuh…pake wurdt âld…dat doe’t ik in skoftke lid west haw fan it BOUN, je sa’n list tastjoerd krigen mei tillefoannrs. adressen en sa mear….wat no privacy? mar Cor de measten ha dochs neat te melden dus what the fuck..je moatte mei minsken omgeane dy’t goed foar je binne en dêr’t je wat mei hawwe…lit dy soere memmeneukers mar!
As lid fan de VVL (Feriening fan Letterkundigen yn Amsterdam) krijst in ledelist mei adressen, telefoannumers en mailadressen – sij wolle graach dat skriuwers kommunisearje. Foar my soe it heel handich weze sa’n ledelist fan It skriuwersboun te hawwen – as ik twa kear jiers yn Fryslan kom soe ik wat makliker kollega’s opsykje kinne. Twa kear is sa’n fersyk fan my ofwiisd. Ik freegje dat dus net mear. Sunt ik ien kear maild haw mei foarsitter Tiemersma dy’t my grutsk ferkondige dat ‘hij zijn eind blijft vasthouden’ (het was ivm zijn commentaar op de cultuurnota) haw ik besletten, sjoen… Read more »
Tsjoch op, as manlik lid moatte jo opstean, no.