Sjoch dêr: in papagaaibesprek fan Abe de Vries. Dat moat resinsint hjitte tsjintwurdich… Ynterpretaasjes dy’t nearne op slaan… De suggestje dat ik ‘Jezus smoare wol’ is yn feite in skandelike opmerking. Ek ûnbegryplik dat it Deiblêd soks pleatse wol.
Cornelis van der Wal
Frysk literêr weblog
Ha Elmar. Fansels mei de resinsint skriuwe wat er wol, en it is ek net ferstannich foar in skriuwer om dêr op reagearjen. Lykwols: bepaalde aspekten fan de resinsje hawwe my djip rekke, en jouwe in ferkeard byld fan my en myn bondel. Dus.
Hoi Cor,
Do brûkst grutte wurden lykas ‘blasfemy’ en ‘kwealaster’ mar soest ek gewoan sizze kinne datst it smoar yn hast of datst teloarsteld bist yn itjinge
der oer dyn wurk sein wurdt yn dy resinsje. It stiet in resinsint frij om syn ynterpretaasje fan in stik tekst te jaan, ek al is dat der -neffens dy- fier by troch. In gedicht is net hillich mar it risseltaat fan wrakseljen mei taal.
ik fûn it wol goed te lêzen, it stik fan abe. ik wol de bondel ek noch wolris lêze
Abe mei ek reagearje!
Der stiet: ‘Jezus himsels wurdt smoard mei in ‘hollekessen’. Wat dêrnei komt is dan net mear fan belang! Dizze wize fan formulearjen hat neat mear mei it gedicht te meitsjen, it is yn feite kwealaster. Dus.
Cor,
It binne inkeld ‘fiergeande ynterpretaasjes, dy’t der likegoed in moai ein neist sitte kinne…’
It is mar krekt hoe’st it lêze wolst.
Goeie Elmar,
fansels hast gelyk! Mar wat my noch it meast dwers sit, is dat ik hjir fan swiere blasfemy beskuldige wurd, en dat it FD dat ek samar oernimt.
In resinsje is in miening fan in beropslêzer. Dat der yn in krante of tydskrift
mear eagen oer hinne gean… no ja dat is no ien kear sa. Ast foar dyn eigen gefoel alles jûn hast wat yn dyn fermogen leit, wie doet je dan wat?
Dyn fersen hawwe it lêste wurd!
Fryslân is frustaasje, no.
Om no De Vries daliks as fijân te bestempeljen giet faaks wat fier, mar ik begryp jo emoasjes wol, Knillis. It besprek komt my frijwat denigrearjend oer. ‘Kwasy mistyk’ skriuwt er. De dichter wurdt net serieus nommen, en dat is in deasonde foar in besprekker. It besprek fan Elmar Kuiper wie ek fan in beroerde kwaliteit. Eigenaardich, foar de Contrabas leveret Abe al treflike krityske stikken. Mar hjir yn Fryslân spylje oare saken ek mei, oergunstigens en frustraasje bygelyks.
Fan dyn kollega’s moatsto it hawwe, no.
Is Fryslân net wat te lyts foar de krityk?