Frysktalige dichtbondels

It binne spannende tiden foar Fryske dichters, benammen wannear’t se by bepaalde fûnsen sitte. Achter de skermen binne der allerhanne geruchten oan it omspûkjen, mar offisjeel is der noch neat bekindmakke. Sille der yn ‘e takomst noch wol Frysktalige dichtbondels útjûn wurde?

Dat soks wolris in net al te positive ynfloed hawwe kin op it kréative proses dat him yn de harsens fan de dichter ôfspilet, dêr wurdt dan gjin rekken mei hâlden. Nee, it binne de – tekens dy’t telle. Dat dichters ek minsken binne, no ja…

Jim begripe fansels wol dat wat ik hjir boppe skreau folslein fiktyf is. Der is yn werklikheid hielendal neat te rêden!

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

0 Comments
Inline Feedbacks
View all comments