Heu, krekt werom fan de RUG-Byb te Grins. Dêr seach ik û.o. Sybren Sybrandy omstappen. Skriuwt de man noch wolris wat? Moaie steapel boeken meinaam! Dat jûn de tv mar betiid útsette en lêze. Dêrby meitsje ik ek altyd oantekenings foar gedichten/ferhalen. Moarn begjint myn nije wurkskema. Dêr moat ik my oan hâlde en dan is der meikoarten wol wer in nij boek klear. No noch in útjouwer! Of falt it allegear wol ta, wat B*** oanbelanget? It wachtsjen op nijs is net sa noflik om mei te meitsjen.
Ta beslút wiis ik jo noch efkes op de reaksje fan in sekere Pier Westra, op it besprek fan de hear A. de Vries. Neat oan ta te foegjen.
Waarmje aanst eat makaroany-eftichs op. Sels makke, in pear moanne lyn.