Abe Pavlov (+updeet)

Abe de Vries skriuwt:

‘“Minsklik ûngemak versus religieuze ferromming? Knibbelje, ûnrein, reade wyn (kommuny), slange, krús, hillige – it binne wurden fan it hegere, dêr’t blykber ferlet fan is. As in hûntsje ferwachtet de minske yn it fers rêding as de bel rinkelet. De grammatikale ûnbepaaldheid fan de ien nei lêste rigel sil de ‘ûntregeling’ wêze dy’t gedichten romte jout, mar de lêste rigel rint út op moard: Jezus himsels wurdt smoard mei in ‘hollekessen’.”

Dat skreau ik ôfrûne sneon yn it FD oer boppesteand gedicht fan Cornelis van der Wal. De dichter is it net mei myn ynterpretaasje iens. Dy is neffens him “skandelik” en “blasfemysk” en de krante hie it besprek dêrom wegerje moatten. Lit my de analyze dêrom ris oer dwaan, op it foarste plak om’t Cornelis van der Wal te skiterich is om op te skriuwen wat der krekt oan myn ynterpretaasje skeelt, op it twadde plak om’t ik no ek wol benijd bin oft myn ynterpretaasje oerein bliuwe kin, as de dichter sels safolle kabaal makket, en op it tredde plak om’t ik altyd wol aardich oerwei koe mei it mantsje, dat my no ynienen ta “fijân” ferklearre hat.”

Lês fierder by Abe de Vries. Dat ‘fijân’ haw ik al in skoftke lyn fuorthelle. De Vries slacht net allinnich de planke mis wat de ynterpretaasje oanbelanget, mar is ek frijwat leechlizzend, wat in grut oantal fan myn fersen oanbelanget. “Kwasy-mystyk’ neamt er se. Dan hâldt it foar my op. Ik wol graach serieus nommen wurde as dichter. En fierders meitsje ik der gjin wurd mear oan smoarch.

UPDATE: och ik kin it net litte. Klik op de foarige link… Dizze dus. De diskusje komt op gong! Abe wurdt lilk! Jout neat, as er mar sjongen bliuwt!

0 0 votes
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
11 years ago

Wêrom net Mohammed Pavlof ? Dat klinket folle better.
Jo wiene dêrfoar dochs net te skiterich no?

1
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x