In soad minsken witte it neffens my net: jo kinne ek allinnich in abonnemint op de freedskrante fan de LC nimme. Dat hie ik altyd ek al, oant ik murk dat de de bylage ‘Freed’ fergees by de byb lei. En dêr gie it my om fansels. Dêr binne se mei ophâlden, dat ik haw wer in abo nommen. Ta myn ferrassing sit dêr by ynbegrepen ek in abonnemint op de fosleine digitale krante. Dat is in moaie saak! Mar hie ik in digitaal abonnemint nommen, dan hoechde ik eins de papieren freedskrante net. Tsja…
Oer tsja sprutsen: wêr is Joop! Kom op man!
Waarmje aanst wat âld iten op.
In oprjochte Frys is tige sunich, no.
Dan moat ik dat ek ha. En dan wol ik koarting om’t se dat papier wol hâlde kinne.
Ik seach dy Joop lêst noch kuiere op’e boekemerke yn’t FEC. Hy is wol in bytsje âlder wurde, no.
€ 19,40 it fearnsjier…
Wat kostet sa’n freedsabonnemint? Ik ha de digitale. Betelje ik € 100,00 jiers foar.