Frustrearre en mislearre (updeet)

Minsken, wat in minsken! It is net ferstannich foar in gefoelige dichterssiele, lykas ûnderskreaune, om no de stêd yn te gean. Krekt werom fan boadskipjen, mar oare kear better in wat rêstiger paadsje opsykje! En hjirneist de merke te âljen en te balten, mar ik haw it idee dat der minder leven is as wol west hat.

Yn de tuskentiid besiket in frustrearre en mislearre persoan ensafh.nl de grûn yn te boarjen. Op it foarum. It is om mislik fan te wurden. Hoe djip kin in ‘minsk’ sakje? Bin oars al bliid dat dêr aardich wat libben is, op it foarum.

No ris in artikel lêze, yn it FD. Ja, krekt. Ek skreaun troch dy… persoan. Bin benijd.

Haw it stik lêzen en moat ta de konklúzje komme dat ek de redaksje fan it Friesch Dagblad meigiet yn de leagens dy’t Abe de Vries (want, leave lêzerkes, dy wie it) oer ensafh ferkundiget. Sjoch foar in sitaat op it foarum.

Jûn mar wat sop mei bôle tink.

Comments 1