Frysk Literêr Nijs

It ferneamde Duo von Däniken, dat binne Anne Feddema en Cornelis van der Wal, fertsjinnet wat by:

In âlder echtpear yn Haulerwyk is thús fan sieraden bestellen troch twa froulju. In frou belle oan en fertelde dat sy de nije buorfrou wie. Se hie lêst fan lekkerij en rûn sa de wenning yn nei de berging. Dêr hâlde se it echtpear oan de praat. Doe’t se nei fiif minuten wer fuort gie, seach it echtpear in oare frou achter út ‘e hûs wenning kommen. Fan dat momint ôf misse se sieraden.

De twa stellende froulju tusken de 25 en 32 jier âld en sawat 1.65 lang.

De fertochte froulju hiene donkere klean oan. Ien fan harren hie ek in donkere skoudertas by har. De frou dy’t harsels as ‘de buorfrou’ foarstelde, prate min Nederlânsk. It hûs fan it troffen echtpear stiet oan de Veenbaas.

Yn Drachten is sûnt novimber ferline jier al sa’n tritich kear brân stifte yn âld-papierkonteners. De plysje is dwaande mei ûndersyk en surveillearret faker yn wenwiken, mar hat noch gjin fertochten oanhâlden. Klaas Abma, broer fan Willem en Gerben Abma, is haadfertochte. Hy hat in hekel oan papier, dit yn tsjinstelling ta syn bruorren.

De by de redaksje net bekende berneboekeskriuwster Hepie Andringa is sawol swier as alkoholiste. Tink derom fanke, dat komt sa net goed

Okke Stavinga fan Frentsjer, de dichter fan ien (1) fers, de Dea en Ik, yn 1993 pleatst yn it eardere literêre tydskrift Trotwaer, is al jierren lang oan legerwâl rekke. It skynt dat Teake Oppewal no in baantsje foar him siket by Tresoar. Dat soe moai wêze foar de man.

Okke Stavinga

Oant in oare kear!

0 0 votes
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

1 Comment
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
11 years ago

Jo binne tige grappich, no.

1
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x