Cornelis van der Wal

Boekenois

It programma fan it Boekefeest 2011 waard earjuster bekendmakke. No, it falt my net iens ôf, Grytsje Schaaf en Elske Kampen binne treflike dichters en de rest jouwe wy it foardiel fan de twifel. Utsein dinges fansels. Ik sil der al hinne, want kritysk wêze sûnder it sels mei te meitsjen… Nee.

Aha, ik sjoch no it ferbân tusken de trije optredende dichters: Jopie Huisman. Dus.

Ilanois liket my wat Kane- en Radiohead-eftich, mar dan softer. Bytsje te soft foar my. No, it koe minder yn elts gefal. Gjin Hepie en Hepie aldergeloks. It hellet it kwa muzyk fansels net by it ensafheest, mar ja, dêr neame jo ek wat…

Wat my fierders hjoed opfoel dat wie de rubryk Nije Boeken op de side fan de Moanne fan it Fryske Boek. Dat wurdt alhiel net byhâlden, dat wol sizze, se slane in hiel soad Nije Boeken oer. Hokfoar belied sit dêr efter? Wierskynlik hielendal gjin belied. Men docht mar wat. Fan ús belestingsinten!

Dit wie, alwer, in iepen sollisitaasje. Graach binnen 14 dagen berjocht.

Haw makaroany makke en yt it jûn op.


Posted

yn

troch

Reakce

Ien reaksje op “Boekenois”

  1. Grutte Pier Avatar

    Jo krije subsydzje fan myn belestingsinten !
    Dat is noch folle slimmer, no.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.