Dichtersjûn

Ik soe krekt in lyts ferslachje skriuwe fan de dichtersjûn op de Janzenpleats, mar ik seach op de site fan Sjoerd Janzen al in stikje stean, dêr ferwiis ik hjirby nei.

It wie oars in moaie jûn, sûnder wanklanken en gjin slaanderij. Wat my al opfoel dat wiene de lange ynliedingen dy’t de measte dichters hâlden foardat se oan de fersen sels takamen. Doch ik nea, of hiel koart. Ik mei der eins mar min oer, al dat gelul der omhinne. It giet om it gedicht, no.

Susanne Dittler Janzen wie tige oandien troch de foardrachten. En dat ien fan de dichters wol trije kear safolle tiid naam foar syn foardracht as de oaren… Dat sit yn de aard fan it bistke.

Ik koe werom aldergeloks meiride mei Douwe Willemsma en de frou. Bêst genôch.

0 0 vote
Article Rating
Subscribe
Notify of
guest

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.

3 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
Grutte Pier
10 years ago

Wa it lêst kat, kat it bêst, no.

Abe
Abe
10 years ago

Ik leau dat ien fan de dichters mear tiid naam as de oaren om’t er – op fersyk – ek wurk fan in oare dichter nei foarren brocht, de ferstoarne Tytsy W. út, hee, Easterbierrum. Dat omtinken foar oare skriuwers sit yndie yn it aard fan it bistke.

Grutte Pier
10 years ago

De broer fan Ids, no.