Ja, dat wie hjoed, wol’k leauwe. De presintaasje foar de parse fan de Moanne fan it Fryske Boek 2011. Harkje ris wat de direkteur fan Tresoar hjir oer te melden hat. Nijsgjirrich hear!
Lykwols, ek dit jier wurdt Knilles boycott! Nearne foar útnoege, der is gjin skriuwersportret fan him makke, en gean samar troch. Jo soene der hast triennen fan yn ‘e eagen krije. It hat yn elts gefal gjin tafal west om my út it oersjoch fan de moderne Fryske Poëzij te warjen, dat wie ommers ek troch Tresoar gearstald. It is om jin dea te skamjen.
It sil my der allegear net fan wjerhâlde om troch te skriuwen, ek al is it faaks sûnder útjouwer. Dy lit al in hiel skoft neat fan him hearre. Net al te netsjes nei de skriuwers ta. Ja, de foarige rigel haw ik selssensuer op tapast.
Haw selsmakke bamy iten.
Nee, de keunst giet troch! En faaks is der yndied begrp foar de Fryske situaasje by it Fûns.
Ik besôgje it net as in probleem. Der binne oare mooglikheden ta publikaasje. En oars mar ris mei it Fûns prate. De keunst lûkt him neat oan fan sinteraasje no.
It probleem is, dat wolle jo yn oanmerking komme foar in beurs fan it Fûns, dat jo boek by in offisjele útjouwer útjûn wurde moat. No, fyn dy tsjintwurdich mar ris, wat poëzij oanbelanget…
De útjouwer sil de holle boppe wetter hâlde moatte. Ik bin trije moannen werom út eigen beweging opstapt. Kommunikaasje is in wurd dat noch útfûn wurde moat. Ik wol mei respekt behannele wurde en it wurk likegoed!
Net sa’n snusterich drukwurkje bitte… Ik sykje nei oare wegen om it spul oan de man/frou te bringen. En oars klap ik der sels wol wat jild tsjinoan.
Do it yourself is it biedwurd. Se bekieke it fierder mar!